Italo-Westlike talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Súd, Súdwest- en West-Jeropa, Latynsk-Amearika, dielen fan Noard-Amearika en Afrika | |
tal talen | ±59 | |
tal sprekkers | ±860 miljoen (2017) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Italysk ● Latynsk-Faliskysk ● Latyn ● Romaansk ● Italo-Westlik | |
subgroepen | ● Italo-Dalmatyske talen ● Westromaanske talen |
De Italo-Westlike talen foarmje yn 'e klassifikaasje fan guon taalkundigen in taalkloft binnen de Romaanske taalfamylje, dêr't de Italo-Dalmatyske en de Westromaanske groepen by ûnderbrocht wurde. De Súdromaanske en Eastromaanske talen wurde dan as aparte groepen sjoen, dy't net ta de Italo-Westlike talen rekkene wurde, mar dêrmei op ien hichte steane. Dizze yndieling is lykwols mear op politike as op taalkundige kritearia basearre, mei't de skiedsline tusken de Westromaanske en Eastromaanske talen eins dwers troch it Italjaanske taalgebiet hinne rint.
© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search